«

»

HT race 2014

Harlingen-Terschelling Sloepenrace 30 maaie 2014

HTrace2014Wat in wykein! Miskien ha jim beide sloepen wol mist yn it Himelfeartswykein? Sy leinen, foar de attinte meibewenners, net yn de haven fan Aldegea. Sy wienen opSkylge! Dêr wie de HT,de race fan Harns ne iTerschelling, fan sa’n 33 km oer it Waad

Wat in machtige happening is dat! In spektakel. Sa’n 130 orizjinele sloepen dogge mei oan dy race. De start is yn Harns yn de Willemshaven. Mei 10 sloepen tagelyk ûnder de startline wachtsje op it startskot is allinne al in moai momint. Hielendal as d’r ek noch Aldegeasters op de pier en de kade stean om ús út te swaaien. Mooi man. De frouljussloep mocht as 31e fan start. De manljussloep in heal oere letter, as 104e. Foar de manlju wie dit de 1e kear! Symochten net earder meidwaan, omdat de grutte sloep noch gjin HT nûmer hie. Nei jierren wachtsjen hawwe sy foarich jier it sein krigen fan de kommisje dat ek de Skomskower oan de start fan de HT ferskine mocht. Joehoe! De bemanning fan de manljusloep wie in tige fariearre selskip; fan sportive boeren oant mannen fan staal en “Sinezen”, fan begjinners oant betûfte leden, en fan jong oant âld. De stjoerman hat yn alle talen (Brabânsk, Dútsk, Frysk, Hollânsk) it ritme fan de slach oanjûn en dat hat goed útpakt. De manlju binne einige op in 57e plak fan de 94 Herensloepen. In hiele prestaasje!!! Foar de frouljussloep “de Skomskowster” wie it de 6e kear. Mei ús nije stjoerman oan it helmhout, gie it tige bêst. Troch syn tellen, sa no en dan in klap op it gangboard en goeie rûte is it frouljusteam ek poerbêst einige; 20e fan de 35! Wy wienen dêr hiel bliid mei! Nei de finish wie it dan ek ien grut feest. It bier koe út de punt helle wurde, de wantsjes koenen út, de blierren koenen teld wurde en elkenien wie mear as tefreden! Wy koenen ús deljaan op de folchboaten, de Prospector en de Zuiderzee van Joeki en Elbrich. Jûns hawwe wy d’r noch in moai feestje fan makke! De folchboaten hawwe de sloepen sneins wer nei de haven fan Aldegea brocht, dus as it goed is lizze se wer te plak.  Dan kin it sâlte wetter d’r mar wer ôfspiele.htraceplaatje

“de Aldegeaster Skomskowers” op de folgende blz it ferslag fan de stjoerman fan it damesteam